Arsenal wol talint Hearrenfean

25 mrt 2013 - 15:06

De Ingelske fuotbalklup Arsenal hat ynteresse yn Rewan Amin, in talint út de oplieding fan Sportklup Hearrenfean. Ek Anderlecht en PSV sjogge it wol sitten yn de 17-jierrige middenfjilder. Amin begûn mei fuotbaljen by Frisia yn Ljouwert, mar waard al fluch oppikt troch SC Hearrenfean.

Dêr groeide Amin út ta jeugdynternasjonal by Oranje en foel hy op by de skouts fan de Europeeske topklups. De middenfjilder hat noch gjin kar makke foar syn takomst. Hy fynt it eins noch te betiid foar it bûtenlân.

Moandeitejûn yn Boppeslach wiidweidich omtinken foar dit talint fan Sportklup Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)