Edelweiss wol klanten Sijtsma

25 mrt 2013 - 14:39
  • Edelweiss

It Ljouwerter skjinmakbedriuw Edelweiss nimt twa spesjalisten oer fan it fallite renovaasjebedriuw Sijtsma út Sweins. It giet om de projektlieder spesjalistysk skjinmeitsjen en in wurkbaas. Mei de oername hopet Edelweiss ek in part fan de opdrachten fan Sijtsma binnen te heljen. As dat slagget, wol Edelweiss nochris seis minsken fan it fallite bedriuw oernimme.

Sijtsma gie okkerdeis oer de kop troch de krisis yn de bou.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)