Takomst Timmermans ûnwis

25 mrt 2013 - 11:47

Veendamkeeper Theo Timmermans rint mei in knoop yn syn mage om by syn klupke Veendam. Offisjeel wit er noch fan neat, mar it is sa goed as wis: Veendam is fallyt en hat syn lêste wedstriid spile. Aanst om twa oere jout Veendam in parsekonferinsje en dêryn wurdt dúdlik oft Veendam fallyt is of net. Timmermans en Jelle Wagenaar fan Oerterp binne de twa Friezen dy't it op dit stuit ûnder kontrakt stean by Veendam.

Yn it ferline spilen der mear Friezen by Veendam, lykas Tony Alberda, Ronnie Pander en Pieter Huistra. Ek âld-Hearrenfeanspilers as Radomski, Seip, Tsvetkov en Hennie Meijer spilen ea by Veendam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)