25 jier 'yllegaal autoride'

25 mrt 2013 - 10:14

In 51-jierrige Snitser hat 25 jier sûnder jildich rydbewiis riden. De man waard oanhâlden troch de plysje, omdat er de autogurdle net om hie. Hy moast syn rydbewiis sjen litte. Dat hie er wol, mar hy hie it nea ferlinge litten, sa die bliken. De Snitser hie it rydbewiis tritich jier ferlyn helle en ried dus 25 jier yllegaal. De man krige in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Snits rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)