Oanriding Rajiv van La Parra

25 mrt 2013 - 09:03

SC Hearrenfeanfuotballer Rajiv van La Parra hat ferline wike sneon ûnder ynfloed fan alkohol in oanriding feroarsake. De fuotballer rekke nachts om 05.45 oere troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en ried tsjin in beam oan. It ûngefal fûn plak op de Rottumerwei. De auto fan Van La Parra hie grutte skea troch it ûngelok. Omdat er ûnder ynfloed fan alkohol wie, is op it plysjeburo in bloedproef ôfnaam. In dei letter hat Van La Parra de klup op 'e hichte brocht.

Omdat de fuotballer him dêrnei melde moast by Jong Oranje sil der takom tongersdei in petear wêze mei technysk direkteur Johan Hansma. Dan wurdt praat oer mooglike sanksjes tsjin Van La Parra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)