Swiere mishanneling mei glês

24 mrt 2013 - 17:12

De plysje hat sneontenacht in 20-jierrige man út Grins oppakt foar swiere mishanneling. Yn in hoarekasaak yn de Midstrjitte op de Jouwer hie er in 32-jierrige ynwenner fan Terkaple mei in glês slein. Dy rekke dêrby ferwûne oan de holle. In oare stapper rekke ek ferwûne troch it glês. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De man út Grins koe oanholden wurde nei ferskate tsjûgeferklearrings. Hy sit fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)