'Mear gas, mear Waadfûnsjild'

24 mrt 2013 - 16:43
  • Boarje nei gas

No't de NAM de kommende jierren hast trije kear safolle gas út de Waadsee winne sil, moat it kompensaasjejild yn it Waadfûns ek trije kear omheech. Dat seit riedslid Lolke Folkertsma fan de FNP yn de gemeente Dongeradiel.

Yn it Waadfûns sit no goed 500 miljoen euro. It fûns waard yn 2004 yn it libben roppen as goedmakker foar de gaswinning út de Waadsee. Projekten dy't de natoer en de regionale ekonomy fersterkje, komme yn oanmerking foar jild út it Waadfûns.

De Nederlandse Aardolie Maatschappij sil de kommende tweintich jier 15 miljard kubike meter gas ekstra winne út de putten by Moddergat, Eanjum, It Amelân, Lauwerseach en by it Grinzer Vierhuzen.

Deputearre Tineke Schokker tinkt net dat Fryslân mear jild kriget fan it ryk. De gefolgen fan de gaswinning moatte goed kontrolearre wurde, seit Schokker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)