Punt foar SWS tsjin HBS

Snits Wyt Swart Boso Snits hat oan de útwedstriid tsjin HBS in punt oerholden. Yn Den Haach waard it 1-1. Under drege omstannichheden kaam de thúsploech yn de 26e minút op foarsprong. Omdat de marzje net grutter waard, bleau it spannend oant de lêste minút. Krekt foar tiid makke oanfierder Thijs Goes de lykmakker. Snits Wyt Swart is noch wol lêste yn de topklasse, mar hat troch in goede searje de oansluting mei de ploegen yn de ûnderein.