Goud beide reedrydploegen

24 mrt 2013 - 16:25
  • De Nederlânske manlju

Nederlân hat it WK ôfstannen yn Sotsji ôfsletten mei twa gouden medaljes op de ploege-efterfolging. Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Diane Valkenburg wûnen mei oermacht by de froulju. De winnende tiid: 3.00.02. Poalen waard twadde yn 3.04.91, Súd-Koreä tredde yn 3.05.32.

By de manlju rieden Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij yn 3.42.03 nei it goud. Súd-Koreä waard twadde yn 3.44.60 en Poalen tredde yn 3.45.22.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)