Jan Smeekens ferspilet goud

24 mrt 2013 - 14:59

Jan Smeekens is der nei de winst op de earste 500 meter yn 34.80 net yn slagge om de gouden medalje fêst te hâlden. De Sallander, dy't al jierren yn Snits wennet, waard krekt as yn 2011 tredde. Smeekens iepene syn twadde 500 meter folle stadiger en kaam doe yn 35.06 oer de streek. De Koreaan Tae-Bum Mo, 34.94 op de earste 500, wûn de twadde 500 meter yn 34.82 en prolongearre syn wrâldtitel.

Joji Kato fan Japan pakte it sulver. Michel Mulder waard fjirde, syn broer Ronald fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)