Thijsje Oenema fiifde op 500

24 mrt 2013 - 14:14

Thijsje Oenema is der net yn slagge it poadium te heljen op de 500 meter by it WK ôfstannen yn Sotsji. Nei twa kear de 500 meter waard se fiifde yn de einstân. De Jouster stie nei de earste 500 meter yn 38.16 op it tredde plak. Op de twadde 500 meter wie de iepening fan Oenema poerbêst, mar it folle rûntsje gong minder. Mei har 38.03 gongen Beixing Wang (37.81) en Jenny Wolf (37.97) har foarby.

Sang-Hwa Lee (37.69 en 37.65) prolongearre mei oermacht de titel, Beixing Wang pakte it sulver, Olga Fatkulina it brûns. Jenny Wolf waard fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)