Fertragings by it spoar

24 mrt 2013 - 13:16
  • Spoaroergong

Treinreizgers fan en nei Ljouwert hawwe snein te krijen mei fertragings. Troch de oanlis fan in fytstunnel ûnder it spoar by Wurdum troch is der gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Akkrum. Treinreizgers wurde mei bussen ferfierd.

Fierders wie sneintemoarn gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Starum en Ljouwert en Harns. Dat kaam troch in stikkene spoarbrêge by Ljouwert. De spoarbrêge is ûnderwilens wer makke en it treinferkear komt stadichoan wer op gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)