Wer winst Hark. Boys yn polder

23 mrt 2013 - 20:00

Harkemase Boys hat foar de twadde kear dizze wike de wedstriid yn Emmeloard tsjin Flevo Boys mei 3-1 wûn. Ofrûne tiisdei slagge dat yn de kwartfinale fan de noardlike beker, sneontejûn foar de kompetysje yn de haadklasse. Krekt as tiisdei kaam de thúsploech troch Arjen Spaan op foarsprong. Yn de twadde helte soarge ynfaller Heine Uuldriks mei twa doelpunten foar de Harkemaster foarsprong. Age Hains Boersma joech de oerwinning yn de blessueretiid noch wat mear glâns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)