Wüst pakt sulver op 5 km

23 mrt 2013 - 16:09
  • Ireen Wüst

Ireen Wüst is sneon twadde wurden op de 5 kilometer by it WK ôfstannen yn it Russyske Sotsji. De rydster fan TVM notearre in knappe tiid fan 7.02.96, mar seach de Tsjechise Martina Sábliková in winnende tiid fan 6.54.31 op 'e klok setten. It brûns gong nei de Dútse Claudia Pechstein (7.04.07).

It is al wer de fjirde medalje foar Wüst by it WK ôfstannen. Op tongersdei pakte se it goud op de 3 kilometer, freed wie der opnij goud op de 1500 meter. En op sneon pakte de rydster fan TVM earder op de dei it sulver op de 1000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)