Keamerfragen oer gaswinning

(fotofoarbyld)
De nije fergunning foar gaswinning yn de Waadsee en de kustgebieten ropt in soad fragen op yn de Twadde Keamer. De PvdA is benaud foar skea troch grûndelgong lykas yn Grinslân. Dêr binne geregeld ierdskoddings. D66, it CDA en GrienLinks hawwe ek fragen en by de nije fergunning, de VVD is foar.
De nije fergunning fan minister Kamp is yn feite it formalisearring fan de besteande situaasje, seit de NAM. De NAM seit al in skoft mear gas boppe de grûn te heljen om't de grûndelgong binnen de noarmen bliuwt en se de winning oars stilsette kinne.
Regeringspartij PvdA wol opheldering fan minister Kamp oer wat der no krekt barre sil.
D66-Keamerlid Van Veldhoven kin de kwestje net los sjen fan de diskusje oer de gaswinning yn Grinslân. It prinsipe fan 'hân oan de kraan' fan de NAM - de kraan tichtdraaie as de grûn tefolle sakket - wurket net, neffens Van Veldhoven. Sy wol witte oft de fergunning dochs net in útwreiding betsjut.
CDA-Keamerlid Mulder wiist derop dat by eardere boarrings yn Grinslân oannames dochs oars útpakten as earst sein. Se freget har ôf oft de gegevens dêr't de fergunnings op basearre binne, noch wol doge.
GrienLinks sprekt fan in nuvere konstruksje om de steatskas fan jild te foarsjen. De partij is der net gerêst op dat de NAM him oan de noarmen fan maksimale grûndelgong hâlde sil.
Neffens regearingspartij VVD hawwe de gasboarrings ûnder de Waadsee neat te krijen mei de boarrings yn Grinslân. It giet om in oar type gas en der wurde gjin nije winputten slein. De VVD hat der alle betrouwen yn dat it systeem fan 'hân oan de kraan' goed wurket.