Bergsma pakt wrâldtitel 10 km

23 mrt 2013 - 14:01

Jorrit Bergsma hat sneon de wrâldtitel pakt op de 10 kilometer by it WK ôfstannen yn Sotsji. De rider fan Aldeboarn sette in tiid fan 12.57.69 op de klok en wie dêrmei twa tellen rapper as de tiid fan Sven Kramer, dy't 12.59.71 notearre. BAM-ploechgenoat Bob de Jong soarge der mei syn tiid fan 13.00.26 foar dat it poadium op de 10 kilometer hielendal oranje kleure.

It is de earste wrâldtitel foar Bergsma, dy't earder dit seizoen al de Nederlânske titel op de 10 kilometer pakte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)