Feanfroulju winne fan Telstar

SC Hearrenfean © ANP
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed harren fjirde oerwinning pakt. Op eigen fjild wûnen de Feanfroulju mei 3-1 fan koprinner Telstar. Al yn de earste minút wie it Bernou Hylkema dy't de 1-0 binnenskeat. Vivianne Miedema wreide de foarsprong foar it skoft út nei 2-0.
Nei rêst makke Telstar yn de 69e minút de oanslutingstreffer. Yn in spannende slotfaze wist Roxanne van der Berg mei goed keeperswurk de lykmakker fan Telstar foar te kommen. Yn blessueretiid tekene Sisca Folkertsma úteinlik foar de einútslach.