Ireen Wüst twadde op 1000 m.

23 mrt 2013 - 11:10
  • Ireen Wüst

Reedrydster Ireen Wüst is sneon twadde wurden yn it Russyke Sotsji op it WK ôfstannen op de 1000 meter. Se einige yn in tiid fan 1.15.71. De ôfstân waard wûn troch de Russise Olga Fatkulina yn in tiid fan 1.15.44. It brûns wie foar Brittany Bowe fan Amearika yn 1.15.87. Marrit Leenstra fan Wikel waard achtste yn 1.16.67. It wie foar Wüst de tredde medalje. Earder wûn se goud op de 3000 en 1500 meter.

Ireen Wüst moat sneontemiddei ek noch de 5 km ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)