Wurk oan spoartunnel Wurdum

Yn de Oenemadyk by Wurdum wurdt wurke oan in twadde tunnel ûnder it spoar troch. It giet om in fytstunnel. Dit wykein wurdt der in grutte slach makke en dat betsjut dat der sûnt fannacht trochwurke wurdt oant moandeitemoarn healwei sânen.
It treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum is stillein. Der wurde bussen ynset. De dyk is foar it oare ferkear ek ôfsletten. It waar sit net echt mei. De kjeld makket it wurkjen dreech. By de wurksumheden wurdt de grutste spoarkraan fan Europa brûkt.