Jild ophelle foar War Child

23 mrt 2013 - 08:34

OSG Sevenwolden op It Hearrenfean hat goed 5300 euro ophelle foar de organisaasje War Child. Yn de nacht fan freed op sneon is it bedrach oanbean oan dj's fan Radio 538. Dy hiene live in útstjoering út It Hearrenfean wei.

De learlingeried fan OSG Sevenwolden hat de ôfrûne trije wiken trettjin aksjes hâlden foar it goede doel. Sa hawwe learlingen auto's himmelje, is klean ynsammele, wie der in lesmaraton, in sponsorrin en in lotterij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)