Stakers Prins sette troch

Staking Prins Dokkum © Omrop Fryslân, Alle Faber
Wurknimmers fan it fangrailfabryk Prins Dokkum ha freed opnij in pear oeren staakt. Mei-inoar ha de minsken no yn twa wiken tiid njoggen folsleine dagen net oan it wurk west, út protest tsjin de plannen om it fabryk te sluten. It personiel besiket in sa goed mooglik sosjaal plan ôf te twingen. De stakers ha besletten har aksjes troch te setten. Dy geane nije wike gewoan fierder. Per dei wurdt oankundige wannear't en hoelang't staakt wurde sil. De aksjefierders krije moandei besite fan CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert.