Attiek krijt De Heerpriis

22 mrt 2013 - 18:47

Diskusjepoadium Attiek hat freed de Margaretha de Heerpriis fan de gemeente Ljouwert krigen. De priis giet ien kear yn de fjouwer jier nei in persoan, groep of ynstelling dy't in bysûndere bydrage levere hat oan de byldzjende keunst of foarmjouwing yn de gemeente Ljouwert. Attiek krige de priis omdat it as diskusjepoadium foar stêdebou en arsjitektuer bydroegen hat oan it petear oer de arsjitektoanyske foarmjouwing yn Ljouwert. Attiek waard yn 1991 oprjochte. It wol it grutte publyk ynteressearje foar arsjitektuer en romtlike foarmjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)