Nije fertochte drugssaak pakt

22 mrt 2013 - 17:33

De plysje hat yn it ûndersyk nei de ym- en eksport fan drugs en wytwaskjen opnij in fertochte oanhâlden. Freed is in 41-jierrige frou út Ljouwert oppakt en fêstset op it buro.

Ofrûne tiisdei waard in 37-jierrige man út Ljouwert oanhâlden yn dizze saak. De man wie de plysje opfallen trochdat er in hiel soad jild útjoech. Der is administraasje yn beslach naam, en der is beslach lein op auto's, in boat, in hûs, stikken grûn, in bedriuwsgebou en bankrekkens.

Nei alle gedachten is dat allegear betelle mei jild dat mei hannel yn hard- en softdrugs fertsjinne is. De rjochter-kommissaris hat freedtemiddei bepaald dat de man noch fjirtjin dagen langer yn foararrest bliuwe moat.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs wytwaskjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)