Brânstofdieven by Goutum pakt

De plysje hat freedtemiddei by Goutum twa manlju en twa froulju út Roemenië oanhâlden omdat se earder by in tankstasjon yn De Pein sûnder te beteljen fuortriden wiene.
In meiwurker fan de pomp belle fuortendaliks de plysje en koe in goeie beskriuwing fan de auto fan de dieders jaan. Surveillearende plysjes seagen de auto riden by Goutum en setten him oan de kant. De bestjoerder en syn passazjiers binne meinaam nei it buro en dêr fêstset. De auto is yn beslach naam.