Lauwersmargebiet oanpriizgje

De Fryske en Grinslanner gemeenten wurkje net langer gear by de promoasje fan it Lauwersmargebiet ûnder toeristen. Der is te min gearhing tusken de gemeenten, seit wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel.
De fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân gean troch mei eigen marketing en promoasje fan it gebiet. Gearwurking mei de Grinzer gemeenten sil der sa no en dan wêze. Sa bliuwe Dongeradiel en Kollumerlân yn oerlis mei De Marne oer de ûntwikkeling fan it gebiet en de haven fan Lauwerseach.
Oan de offisjele gearwurking komt lykwols in ein. Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân geane fierder mei de regiomarketingkampagne Dwaande en de saneamde Aginda Netwurk Noardeast.