Rjochtsaak Vaatstra net live

22 mrt 2013 - 16:04

De Ljouwerter rjochtbank ferbiedt dat de saak Vaatstra rjochtstreeks útstjoerd wurdt op radio en tillevyzje. Dat beslút is nommen út respekt foar it slachtoffer Marianne Vaatstra.

De 45-jierrige Jasper S. fan Aldwâld dy't fertocht wurdt fan de moard op Marianne 13 jier lyn, moat nije wike tongersdei foarkomme. Sûnt ien maart jilde yn de Nederlânske rjochtbanken nije regels foar de media. Sa mei tenei hast alles wat der yn de rjochtbank gebeurt, opnommen wurde of rjochtstreeks útstjoerd.

Dochs sil dat yn de saak Vaatstra noch net gebeure. It fersyk fan Omrop Fryslân foar in live-registraasje is ôfwiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)