Boete foar hotels op eilannen

22 mrt 2013 - 14:50
  • Skylge

De Westcord Hotels op de waadeilannen moatte mear as twa ton boete betelje omdat er minsken oan it wurk wiene sûnder dat se dêr de goeie papieren foar hiene. De boete is oplein troch de rjochtbank.

De saak spilet al jierren. Yn de simmer fan 2008 hawwe 28 Yndoneziërs oan it wurk west yn hotels op Skylge, It Amelân en Flylân. Se hiene ferteld dat it wurk ûnderdiel wie fan in staazje, mar dat wie net sa. De rjochtbank ferwyt de hotelketen dat net om de papieren frege is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)