Keatser Vlietstra ferstoarn
Ald-keatser Wijtse Vlietstra is ferstoarn. Vlietstra wûn de PC yn 1949 en yn 1955. Hy waard doe ek ta kening útroppen.
De Frjentsjerter wie yn syn wenplak in ferneamd persoan. Hy rjochte in skjinmakbedriuw op mei syn namme. Vlietstra is 82 jier wurden. Oare wike wurdt yn de Koornbeurs yn Frjentsjer in betinkingsbyienkomst hâlden.