Oanpak krusing Drachten

De krusing dy't opknapt wurdt
Ien fan de drokste krusings yn de Suderhegewei yn Drachten wurdt dizze simmer opknapt. It giet om de krusing rjochting de yndustryterreinen, it Drachtster sintrum en de wenwyk de Drait dêr't deis 30-tûzen auto's en frachweinen oer hinne ride.
Der wurdt nij asfalt oanlein en de âlde ferkearsljochten wurde ferfongen om't der geregeld steurings binne dy't soargje foar opstoppings. De wurksumheden kostje in lytse heal miljoen euro en wurde yn de simmerfakânsje útfierd om't der dan minder ferkear is.