Gearwurking natuerklups

22 mrt 2013 - 12:44

It Fryske Gea en Lânskipsbehear Fryslân sille mooglik fusearje. Freedtemoarn hawwe beide organisaasjes in yntinsje-oerienkomst ûndertekene. Neffens It Fryske Gea en Lânskipsbehear giet it om in "net frijbliuwende" foarm fan gearwurking.

De organisaasjes wolle troch gear te wurkjen effisjinter wurkje en better sichtber en berikber wêze foar boargers, toeristen en oerheden. De meast geskikte foarm fan gearwurking moat noch fûn wurde. Dat soe in fúzje wêze kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)