Fúzje skoallen giet net troch

De fúzje tusken CBS de Oanrin en OBS de Lytse Wiman yn Twizel giet net troch. De âlden fan de kristlike skoalle ha tongersdeitejûn foar in grut part tsjin stimd.
Yn de fúzjeskoallen hie plak wêze moatten foar sawol de kristlike as de iepenbiere identiteit. Mar de âlden fan de Oanrin binne benaud dat de kristlike identiteit ferlern giet. It idee foar de gearfoeging is ûntstien om't de Lytse Wiman noch mar 20 learlingen hat en oan de ein fan dit skoaljier de doarren slute moat.
Nije wike is der in gearkomste foar de âlden fan dy skoalle. Dêr sil bepraat wurde oer de opsjes dy't der no noch binne. Oerstappe nei de Oanrin, of yn in oar plak nei in iepenbiere basisskoalle.