Man nei ûngelok ferstoarn

Plysje-embleem © ANP
In 80-jierrige fytser út Oentsjerk, dy't moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Marwei yn Aldtsjerk, is oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke.
De man stuts de dyk oer en joech dêrby gjin foarrang oan in automobilist út Hallum. De fytser waard mei earnstige ferwûnings oan syn holle nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Dêr is er ek ferstoarn.