Pjutteboartersplak Snits ticht

Pjutteboartersplak 'It Hinnepykje' yn Snits moat ticht. De gemeente hat dat yn in brief witte litten. It pjutteboartersplak, dat al 35 jier bestiet, foldocht net oan de nije wet OKE. Yn de wet wurdt û.o. regele wat de kwaliteitseasken binne en ien fan dy easken is dat der in betelle krêft yn tsjinst wêze moat. Dy is der net by it Hinnepykje. Se wurkje allinnich mei frijwilligers en dat mei net mear.
De 65 bern fan It Hinnepykje moatte dêrom op syk nei in oar plak. Alden en frijwilligers wolle dat net en komme yn aksje.
Se wolle de minister freegje in útsûndering te meitsjen op de wet.