Filmhûs 'Slieker' iepene

21 mrt 2013 - 21:58

It nije filmhûs Slieker yn Ljouwert is tongersdeitejun offisjeel iepene. De namme is in earbetoan oan George Christiaan Slieker, de earste Nederlanner dy't yn 1896 films op de merke fan Ljouwert fertoande. It filmhûs hat trije sealen yn it nije Fries Museum oan it Saailân.

Yn it filmhûs wurdt de kommende dagen in festival holden mei tsientallen films út Nederlân, België en Fryslân. It filmhûs waard iepene troch deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Isabella Diks fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Filmhûs Slieker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)