Sidijk iepenet nij bedriuwspân

21 mrt 2013 - 21:23

It Fryske bedriuw Sidijk, bekend fan ûnder oaren de luchtkessens lâns de reedrydbanen, groeit mar troch. It bedriuw hat er de lêste jierren hieltiid mear aktiviteiten en personiel by krigen. Sa meitsje se net allinnich mear springkessens foar bern en luchtkessens foar de sport, mar binne se ek hieltiid aktiver foar de yndustry.

Tongersdei waard it nije bedriuwsgebou op It Hearrenfean offisjeel yn gebrûk naam. In gebou mei romte foar de groei, want oan de achterkant kin byboud wurde. Op dit stuit wurkje der 50 minsken by Sidijk.

Neffens direkteur Klaas Siderius kinne dat der lykwols mei in pear jier wolris mear wêze

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)