Falske brieven fan KfK
De Keamer fan Keaphannel Noard-Nederlân warskôget ûndernimmers foar brieven dy't rûnstjoerd wurde. De brieven lykje fan de Keamer fan Keaphannel te kommen, mar dat is net it gefal. Yn it brief wurdt de ûndernimmer frege in legitimaasjebewiis te faksen.
It brief komt perfoarst net fan de Keamer fan Keaphannel en it driuwende advys is om net te reagearjen op it brief.