Minne tiden foar autoferkeap

21 mrt 2013 - 16:49

It giet striemin mei de autoferkeap yn Fryslân. Lanlik binne der yn febrewaris mar leafst 27 prosint minder auto's ferkocht as yn deselde moanne ferline jier. Fan alle Europeeske lannen die allinnich Syprus it noch minder.

De delgong fan no komt nei alle gedachten trochdat ein ferline jier krekt mear auto's ferkocht binne. Doe wie de regeling mei de bytelling better. Jan de Vries fan advysburo Mobilico seit dat de autoferkeap yn Fryslân mooglik noch minder giet as yn de rest fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)