Bommewerpers ûnderskept

© Omrop Fryslân, Alle Faber
Twa F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis binne tongersdeitemiddei ynset om twa Russyske bommewerpers te ûnderskeppen. Dy wiene it Nederlânske loftrom ynflein sûnder har identiteit bekend te meitsjen. De F-16's waarden der op ôfstjoerd. Se hawwe de Russen begelaat oant se yn it Ingelske loftrom wiene en Britske tastellen harren taak oernamen.
De lêste kear dat Nederlânske F-16's ynset waarden om bûtenlânske fleantugen te ûnderskeppen wie op 11 septimber ferline jier.