Rêding jonge beammen

Eskebeam © Omrop Fryslân
It Fryske bedriuw Ecostyle komt mei in proef om jonge beammen te rêden fan in betide dea. Beammen hawwe it yn de jierren nei it plantsjen faak dreech en kinne hawwe muoite mei it opnimmen fan wetter. Dêrtroch wurde se gefoelich foar sykten en gean se yn guon gefallen sels dea. In nij middeltsje fan Ecostyle út Appelskea moat dat tsjingean. Yn de gemeente Eaststellingwerf begjint ynkoarten in proef.