Fertochte Snitser langer fêst

21 mrt 2013 - 13:58

De 26-jierrige Snitser dy't fertocht wurdt fan belutsenens by de dea fan in 28-jierrige man út Snits bliuwt noch seker tritich dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald.

Begjin maart waard de 28-jierrige Abdi dea fûn yn de flatwenning fan 'e fertochte oan de Parkstrjitte yn Snits. De man is troch geweld om it libben kaam. Wat krekt bard is, is noch net dúdlik. Tweintich resjerzjeurs wurkje oan de saak. De plysje wol graach prate mei minsken dy't Adbi yn de nacht fan 7 op 8 maart sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Snits fertochte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)