Auto tsjin beam yn Lippenhuzen
Op de Sweachsterwei yn Lippenhuzen is tongersdeitemoarn om in oere of alve in auto tsjin in beam oan riden. De bestjoerder hat fêstsitten yn de auto. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. Oer de persoanlike gegevens is ek noch neat bekend.