Disel út frachtwein stellen

© Foto-ympresje
De plysje hat woansdeitejûn yn Wolvegea in jonge fan 17 jier oanhâlden op fertinking fan stellerij fan disel út in frachtwein. De plysje krige in melding en gie der manmachtich hinne. Doe't de jonge yn 'e gaten krige dat de plysje him yn it fizier hie, naaide er út. De plysje hat it gebiet ôfset. Mei in hûn is nei de fertochte socht. Boargernet waard ek ynskeakele. Dêrnei is de jonge oppakt.
By de frachtwein stiene in hevelpomp en in jerrycan. De jonge fertochte is fêstset op it plysjeburo. De plysje ûndersiket de saak.