Applemuseum út Fryslân wei

21 mrt 2013 - 10:54

It earste Applemuseum fan Nederlân ferdwynt út Fryslân. Yn desimber waard it museum iepene yn Oerterp. Der binne ferskate problemen mei it gebou dêr't it museum yn sit. Foarsitter Wim Dussel seit dat it plak te lyts is en net goed tagonklik foar minsken mei in beheining. Boppedat soe it museum net faak genôch iepen kinne.

It Applemuseum ferhuzet freed nei it museumdoarp Orvelte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)