Falske oanjefte mishanneling

21 mrt 2013 - 10:31

In man fan 20 jier út Frjentsjer hat bekend dat er falske oanjefte fan mishanneling dien hat. Hy soe op 10 maart op it stasjon fan Frjentsjer mishannele wêze troch trije manlju. Twa famyljeleden joegen dêroer by de plysje in tsjûgeferklearring ôf.

Yn it ûndersyk binne trije manlju oanhâlden en heard. Doe die bliken dat de ferhalen fan de Frjentsjerter en de fertochten net oerienkamen. De plysje konfrontearre de Frjentsjerter dêrmei en dy bekende de falske oanjefte. De man hie it ferhaal betocht om de trije manlju in loer te draaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)