Man oanhâlden foar drugshannel

21 mrt 2013 - 08:35

In Ljouwerter (37) is oppakt foar op fertinking fan drugshannel. De plysje ûndersiket oft ek sprake is fan in grut netwurk. Der sille mear oanhâldings folgje, ferwachtet de plysje.

De Ljouwerter foel op troch syn apart finansjeel gedrach. Hy wurdt fertocht fan hannel yn hard- en softdrugs en fan it wytwaskjen fan jild. De plysje hat ferskate gebouwen, wêrûnder bedriuwsgebouwen, ûndersocht, bygelyks op bedriuweterrein De Himrik yn Ljouwert.

Der binnen ferskate saken yn beslach nommen, lykas twa auto's en in boat.

Trefwurden: 
drugs wytwaskjen oanhâlding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)