Ekstreem kâld wykein

It wurdt dit wykein ekstreem kâld foar de tiid fan it jier. De gefoelstemperatuer kin útkomme tusken de -14 en -19 graden. Dat seit waarman Pyt Paulusma.
De ekstreem lege temperatuer jildt foar de nacht fan sneon op snein. It sil dan -4 oant -7 graden frieze, mar troch de krêftige oant hurde wyn fielt it folle kâlder oan. Oerdei yn it wykein bliuwt it kwik ûnder de fjouwer graden. Der kin ek snie falle. Nei it wykein droeger en mear sinne.