"Betingsten oan Thialf-jild"

In moasje fan GrienLinks yn provinsjale steaten, om de fyftich miljoen foar it nije Thialf allinnich te jaan as de KNSB dêr ek echt de grutte toernoaien hâldt, hat it woansdei net helle. GrienLinks wol wis wêze dat Thialf de grutte reedriderijen krijt, mar koe de oare partijen net meikrije yn de stimming. Foar in protte minsken is it wol seker dat de Hearrenfeanster iishal de toernoaien organisearje mei.