Keamerfragen oer Prins

20 mrt 2013 - 18:51
  • Staking Prins Dokkum

Der binne keamerfragen steld oer it skeel by fangrailfabrikant Prins yn Dokkum. De PvdA-keamerleden Lutz Jacobi en Mariette Hamer wolle witte wat de juridyske wearde is fan de wurkgarânsjes dy't it Noarske memmebedriuw Saferoad jûn hat. De garânsjes binne trije jier lyn ôfjûn by de oername fan Prins. Ek wolle de keamerleden fan minister Asscher witte oft de wurkgarânsjes meinommen wurde by in kollektyf ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)