Flashmob tsjin Snitser geweld

20 mrt 2013 - 17:24

In groepke Snitser jongeren wol op ludike wize protestearje tsjin geweld op it stasjon yn Snits. Se dogge dat troch op it stasjon in saneamde flashmob te hâlden. In groepke minsken docht dan tagelyk in soarte fan toanielstikje, in dûnske of in beweging, dy't net oankundige is.

Twa wike lyn wiene twa jonges út Ljouwert mishannele, omdat se homo binne. En ôfrûne moandei waarden twa Snitser froulju sûnder oanlieding oanfallen.

Trefwurden: 
Snits mishanneling geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)