Sinnepanielen op gymseal

Gymsealen yn de gemeente Tytsjerksteradiel krije dit jier sinnepanielen op it dak. Op 21 juny, de langste dei fan it jier, wurde de earste sinnepanielen op it dak fan de gymseal yn Tytsjerk pleatst. De gemeente wol safolle mooglik enerzjy sels opwekke, en besiket dit ûnder oare mei sinnepanielen foarinoar te krijen.
It plan is om lokale bedriuwen by it projekt te belûken. Earder krige swimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk al in sinneboiler.